Piet Kleine

Piet Kleine
Reedrider
Piet Kleine (1980)
Piet Kleine (1980)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Piet Kleine
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 17 septimber 1951
berteplak Hollandscheveld
sportive ynformaasje
ûnderdiel Langebaan
Maraton
O.S. Innsbruck 1976,
Lake Placid 1980
debút 1971
karriêre-ein 2001
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 1976
2x sulver Olympyske Spullen 1976, 1980
1x goud WK Allround 1976
1x brûns WK Allround 1973

Piet Kleine (Hollandscheveld, 17 septimber 1951) is in earder Nederlânsk reedrider.

Hy die njoggen kear mei oan it Wrâldkampioenskip, en it Europeesk kampioenskip allround en twa kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1976 en 1980). Hy waard by dizze kampioenskippen ien kear wrâldkampioen, en Europeesk kampioen allround en ien kear Olympysk kampioen. Hy waard ek ien kear Nederlânsk allround kampioen.

Yn 1981 stopte Kleine mei Langebaanriden, yn 1986 stie er foar it earst oan de start fan in grutte Maratonwedstriid. Yn 1990 waard Piet Nederlânsk kampioen Maratonriden op Keunstiis. Yn 1997 ried er as wedstriidrider de Alvestêdetocht fan 1997 út, Piet Kleine waard eins fiifde mar om't er yn Hylpen, de stimpelpost foarby riid, krige er gjin âlvestêdekrúske en kaam er net yn de útslach te stean. Dêr makke Kleine sa'n opskuor om, dat úteinlik besletten waard him dan dochs mar in Alvestêdekrúske ta te stjoeren. Dat kaam lykwols mei kearende post werom, want Kleine wie doe sa lulk dat er it net mear hawwe woe. De stimpelkaart fan Kleine is te sjen yn it Reedridersmuseum yn Hylpen. Yn 2001 hold Kleine op mei reedriden op heech nivo.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy